Johannes Bureus

Johannes Bureus

Johannes Thomae Agrivillensis Bureus, feitlik Johan Bure, (Uppsala, 1568 - 1652) wie in Sweedske (hof)argivaris en skriuwer.

Bureus waard maart 1568 yn Åkerby ûnder Uppsala berne as soan fan de luterske predikant Thomas Mattiae en Magdalena Burea.

Hy gie nei skoalle yn Uppsala en Stockholm en studearre letter ek yn Dútslân en Itaalje. 1591 boaske er oan Margaretha Mårtensdotter Bång

Al mei jonge jierren krige er niget oan esotearyske saken sa as de joadske Kabbala en de Roazekrusergeskriften. Fierders waard er yntrigearre troch de runestiennen dy't yn syn tiid noch in protte te finen wienen. Bureus is fral ferneamd wurden omdat hy runestiennen neitekene en oersette, in eigen rune-alfabet ('futhark') makke, in 'runelearboekje' skreau en dat ûnderwiisde oan de leden fan de Sweedske keninklike famylje. Bureus syn runesysyeem is in gefolch fan syn ûndersyk nei runen, mar waard ek beynfloede troch syn esotearyske ynteresses.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne